Unrêstige nacht yn Kollum

07 maaie 2006 - 16:43

In Kollumer (37) is sneintemoarn oanhâlden foar mishanneling en riden ûnder ynfloed. De plysje krige om in oer as healwei twaën moarns in melding fan in fjochtpartij op de Foarstrjitte.

Doe't de plysje dêr kaam, waard der net mear fochten. Troch it ynsidint wiene der in soad minsken op strjitte. De fertochte wie mei de auto dwers troch de massa riden. Hy wie útstapt en hie in man skopt en slein. Letter die bliken dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)