150e oerwinning Afke Hylkema

07 maaie 2006 - 16:22
Foto: Omrop Fryslân

Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema wûnen sneon yn Frjentsjer de frije formaasjewedstriid by de froulju. De preemje wie foar Maaike Joostema, Inge Algra en Romy van der Veen.

It wie foar Afke Hylkema har 150e oerwinning yn it haadklasse keatsen. Boppedat waard Afke Hylkema yn Frjentsjer foar de fyfde kear keninginne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)