Ynbrekker betrape yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 15-jierrige ynwenner fan Drachten is sneintemoarn betiid op de die betrape doe't er oan it ynbrekken wie yn in sportkompleks oan de Gauke Boelensstrjitte. Plysjeminsken dy't oan it surveillearjen wiene, seagen dat de jonge him fertocht gedroech by it kompleks.
Doe't se him dêr op oansprekke woene, naaide er gau út. Nei in sprint wisten se him yn te heljen en oan te hâlden. De jonge hie ynbrutsen yn de kantine.