Wenbeurs yn Drachten

© Omrop Fryslân
Oanbieders fan keap- en hierhuzen sille yn oktober har oanbod presintearje op in wenbeurs yn Drachten. Ek komme der gemeenten en projektûntwikkelders en is der fan alles te sjen op it mêd fan wenjen en lifestyle.
De wenbeurs is opset troch in makelder en in hypoteekbemiddeler. Reden is dat Smellingerlân en de gemeenten dêr omhinne populêr binne as wengebiet. De wenbeurs duorret trije dagen.