Fryske kolleezjes B&W stabyl

© Omrop Fryslân
Gemeenten yn Fryslân hawwe de meast stabile kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan it lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it blêd Binnenlands Bestuur. Lanlik hat yn de kolleezjeperioade tusken 2002 en 2006 in tredde part fan alle wethâlders yn Nederlân de einstreek net helle.
Lanlik sjoen hat Fryslân it minste tal wethâlders kwytrekke. 22 fan de 31 Fryske gemeenten rekken gjin wethâlders kwyt.