Stoomtrein rydt troch Fryslân

© Omrop Fryslân
Leafhawwers fan stoomlokomotiven kinne dit wykein har hert ophelje. Der ride twa dagen lang stoomtreinen troch Fryslân en der kinne kaartsjes kocht wurde om mei te riden. Alteast as der noch plak is, want der is in soad animo foar in ritsje.
Sneon en snein wurde der seis ritten makke op it trajekt Snits-Starum en sneontejûn rydt der in spesjale dinertrein op en del tusken Ljouwert en Grins.