Iepen dei by KNRM

© Omrop Fryslân
Op in soad plakken yn Nederlân is sneon de jierlikse iepen dei fan rêdingsmaatskippij KNRM holden. Ien fan dy plakken wie Lauwerseach. Al it materiaal dat gewoanwei achter sletten doarren stiet, wie te besjen.
Minsken koene bygelyks meifarre op in rêdingsboat. Der waard ek in oprop dien om âld Nederlânsk jild yn te leverjen. Dat sil brûkt wurde foar it rêdingswurk. Tsien jier lyn waard de earste iepen dei fan de KNRM holden.