Heineken yn see mei KWB

07 maaie 2006 - 11:54
Foto: Omrop Fryslân

It bedriuw Konstruktie Werken Berlikum (KWB) hat de grutste opdracht yn syn bestean binnenhelle. KWB makket in grut tal laad- en lossystemen foar bierbrouwer Heineken.

De bierbrouwer wol it laden en lossen fan de bierfrachtauto's effisjinter oanpakke. No gebeurt dat noch mei foarkheftrucks, mar dat is nochal omslachtich. Mei de laad- en losbannen fan KWB kinne de foarkheftrucks ferfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)