Befrijingsfestival goed besocht

06 maaie 2006 - 16:58

Goed 70.000 minsken ha freed yn Ljouwert it befrijingsfestival Fryslân besocht. Dat binne der 20.000 mear as ferline jier. Yn Ljouwert wie dit jier de iepening fan de nasjonale befrijingsdei. Neffens de organisaasje hat dat in soad ekstra minsken nei Ljouwert ta lutsen.

It festival ferûn sûnder grutte problemen. In pear minsken binne oanhâlden foar iepenbier dronkenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)