'Hydroskate'-clinic yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Wetter mei sjipsop is de basis foar de saneamde hydroskate. Dat is in skeeler mei in hydraulyske fearing. Dêrmei kinne je makliker oer rûge diken riden en fielt it krekt at je oan it reedriden binne op iis.
It is in útfining fan twa manlju út Hjerbeam. Twa jier lyn ha se patint oanfrege op it systeem. Op in bedriuweterrein yn Boalsert waard sneon in skateclinic hâlden mei ûnder oare reedrider Hilbert van der Duim.