Lemsters mishannele mei bierglês

© Omrop Fryslân
Op De Lemmer binne yn de nacht nei sneon twa manlju swier mishannele. Yn in hoarekagelegenheid binne de twa mei in bierglês yn it gesicht stutsen. De plysje hat trije Lemsters oanhâlden foar de mishanneling. Ien dêrfan is yntusken wer frijlitten.
De twa slachtoffers binne mei ferwûnings oan it gesicht nei it sikehûs tabrocht. Nei behanneling mochten se wer nei hûs ta.