Jo Bosma ynformateur yn Menaam

06 maaie 2006 - 12:54

Boargemaster Jo Bosma fan Lemsterlân wurdt ynformateur yn de gemeente Menameradiel. Bosma is frege om mei alle partijen te praten oer it foarmjen fan in kolleezje fan B&W.

Bosma is frege om't hy gjin lid is fan in politike partij. Earder wie Bosma lid fan D66, mar dy partij sit net yn de gemeenteried yn Menameradiel. De ûnderhannelings yn Menameradiel binne earder mislearre. Bosma praat freed mei boargemaster Van Delft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)