Seldsume slak fûn op Skier

06 maaie 2006 - 12:38

Op Skiermûntseach is dizze wike in hiel seldsum slakkehûs fûn mei de slak der noch yn. It giet om de noardhoarn, de grutste slak dy't yn de Noardsee libbet.

Lege hûskes fan dizze slak binne al seldsum en in skulp mei it bistke der noch yn is hielendal tige bysûnder. Foar safier bekend, is dit de twadde kear dat op ien fan de Waadeilannen sa'n skulp mei slak oantroffen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)