Westgat by Amelân sliket ticht

05 maaie 2006 - 14:52

It Westgat tusken Skiermûntseach en It Amelân sliket folle gauwer ticht as tocht waard. Rykswettersteat hat dêrom besletten om de betonning wat op te skowen. Sneintenacht rûn in Dútske kotter fêst yn it Westgat.

De rêdingsboat fan Skiermûntseach moast yn aksje komme om it skip wer los te lûken. In oare kotter rekke ek fêst, mar koe sels wer loskomme. Rykswettersteat wol no faker mjittings dwaan nei de djipte yn it Westgat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)