Fûgels fergiftige Nijeholtwâlde

© Omrop Fryslân
By in einekoai flakby Nijeholtwâlde binne rôffûgels fergiftige. It regionale miljeuteam hat in deade hauk en in deade mûzefalk fûn. Der lei ek fergiftige aas yn de koai. Fierder waard der in krieë-fangkoai fûn.
Dat is ferbean. De eigner fan de einekoai hie ek ferbeane gifsoarten yn syn besit. Sawol de deade fûgels as it gif is opstjoerd foar ûndersyk. De koai-eigner ûntkent dat er belutsen is by de saak.