Langdeelbrêge takom jier ticht

05 maaie 2006 - 09:58
Foto: Omrop Fryslân

De Langdeelbrêge by Ljouwert sil yn de simmer fan 2007 mooglik sletten wurde. Dat betsjut dat it farferkear fan en nei Ljouwert in ein omfarre moat. It Langdeel soe in pear moanne ticht moatte foar de bou fan in akwadukt yn de Wâldwei.

Dêrmei soe it hiele Wâldwei-projekt twa moanne earder klear wêze. It ôfsluten kin grutte gefolgen ha foar it wettertoerisme. Sa binne Warten en Wergea minder goed te berikken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)