Kontraktferlinging Vandenbussche

© Omrop Fryslân
Keeper Brian Vandenbussche fan SC Hearrenfean hat syn kontrakt ferlingd oant 2011. Yn febrewaris hie Hearrenfean syn kontrakt al iepenbrutsen oant 2008, mar dêr komme no dus nochris trije jier by.
Vandenbussche kaam yn de simmer fan 2004 oer fan Sparta. Troch in blessuere fan Boy Waterman spile er dit seizoen 30 wedstriden. Oan it begjin fan dit seizoen rekke de Belch syn basisplak kwyt oan Boy Waterman.