'Spoar wurdt net goed himmele'

05 maaie 2006 - 09:58

Poep en miichsel op it spoar fan it stasjon yn Ljouwert hat der de ôfrûne moanne 4 kear foar soarge dat de trein troch in stietblok gliden is. It fakbûn VVMC stelt dat it spoar net genôch himmele wurdt en hat in klacht yntsjinne by behearder ProRail.

ProRail hat kontakt opnaam mei Arriva en NS. NS hat no besletten om de húskes yn de trein op it stasjon fan Ljouwert ôf te sluten as de trein stilstiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)