Heechste punt fytsbrêge Drachten

05 maaie 2006 - 09:58

De nije moderne fyts- en fuotgongersbrêge oer de Suderhegewei yn Drachten berikte tongersdeitemoarn it heechste punt, sa'n 32 meter. It duorret noch wol in skoftke foar't de hiele brêge fan 250 meter lingte klear wêze sil.

De definitive oplevering fan de ferbining tusken de Oerstesingel en de Ikesingel wurdt ein juny ferwachte. De totale kosten fan de brêge, rotonde en krúspunt binne sa'n 2,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)