Wer rellen by SC Hearrenfean

04 maaie 2006 - 17:16

By SC Hearrenfean binne woansdei by de wedstriid tsjin FC Twente foar de twadde kear dit seizoen rellen útbrutsen yn it Abe Lenstra-stadion. In soad supporters fan FC Twente hiene kaarten foar bûten it besikersfak.

Nei't Hearrenfean op 3-0 kaam, gongen in tal fans fan Twente en Hearrenfean njonken it besikersfak mei inoar op de fûst. Yn it stadion binne 5 Twente- fans oanhâlden. Nei de wedstriid binne noch 4 Twente-supporters oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)