Deade by bedriuwsûngefal Harns

04 maaie 2006 - 15:45
Foto: Omrop Fryslân

By in bedriuwsûngefal yn Harns is in 63-jierrige ynwenner fan Mijdrecht om it libben kaam. It ûngelok barde woansdeitemoarn by skipswerf De Volharding.

Wat der krekt bard is, is net bekend makke. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De arbeidsynspeksje ûndersiket de oarsaak fan it deadlik ûngefal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)