Programmaried skriuwt 2e Keamer

© Omrop Fryslân
Mei in brief oan de Twadde Keamer en it kommissariaat foar de media wol de Fryske programmaried besykje sizzenskip te krijen oer de digitale pakketten fan kabelaar UPC. Op it stuit bepaalt UPC sels hokker stjoerders yn de pakketten komme.
Neffens de programmaried is dat yn striid mei de mediawet. UPC fynt dat de mediawet net jildt foar de digitale stjoerders. De programmaried hopet dat de polityk UPC op de fingers tikke sil.