Heale finale Drachtster skoalle

04 maaie 2006 - 10:36

De Drachtster basisskoalle De Voorde docht takom woansdei mei oan de heale finale fan de O'Neill Sea Odyssey. De organisaasje Sea Oddyssey hat sa'n 200 skoallen útnoege om plannen te betinken foar mear omtinken foar skjinnere seeën.

De plannen fan fjouwer skoallen, dêrûnder dy út Drachten, wurde nije wike presenteard yn it Dolfinarium yn Harderwijk. 2 fan de 4 skoallen geane troch nei de finale op 14 juni.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)