Nije metoade helpt skriezen

04 maaie 2006 - 10:16

Praktyksintrum PTC plus yn Oentsjerk hat in metoade fûn om de skriezestân te ferbetterjen. Se ha ferline jier in stik lân geskikt makke foar skriezen en dat wurket. Kamen se earst net, no sitte der 10 pearen te brieden.

Dêrneist is it ek in frijplak foar oare soarten. Sa ha fûgelspotters de ôfrûne tiid al sa'n 42 ferskillende soarten sjoen. De metoade is simpel: in stikje fan it lân wurdt ôfgroeven en ûnder in lytse laach wetter set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)