Jildpriis bestege yn Noarden

© Omrop Fryslân
It bedrach dat Natuermonuminten krigen hat foar de arsjitektuerpriis 'De Gouden Piramide' sil folslein foar it Noarden brûkt wurde. Dat hat direkteur natuerbehear Teo Wams bekendmakke.
Natuermonuminten sleepte de priis, sa'n 50.000 euro, ferline jier yn 'e wacht mei de markante útsjochtoer oer it Fochteloërfean. It jild sil no bygeliks brûkt wurde foar in nij ûnderkommen foar de twa fûgelwachten op it eilân Grient.