Earste sponsorde kij nei bûten

© Omrop Fryslân
Yn Gerkeskleaster binne woansdei de earste sponsorde kij fan Nederlân nei bûten litten. Oktober ferline jier hawwe fiif boeren yn Achtkarspelen al in kontrakt tekene mei Peter Arensman fan in konsultansyburo yn Den Haag.
Hy wol mei syn projekt foarkomme dat it tradisjonele byld fan greiden mei swartbûnte krij ferdwynt. Foar 65 euro per ko per jier litte de boeren har kij simmerdeis yn de greide rinne. Arensman is dêr 25-tuzen euro oan kwyt.