Epke Zonderland op 5 tastellen

03 maaie 2006 - 21:42

Epke Zonderland komt tongersdei yn de kwalifikaasjes fan de lannewedstriid by it EK turnen út op fiif tastellen. Allinnich op de voltige docht er net mei. Epkes broer Herre Zonderland docht mei op de flier, de voltige en de brêge.

Epke Zonderland is mei Jeffrey Wammes de bêste all-rounder fan Nederlân. Wammes is no lykwols blesseard. De bêste acht lannen pleatse har foar de teamfinale op sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)