Van der Berg ferlit Cambuur

03 maaie 2006 - 21:42

De 37-jierrige Sierd van der Berg, keeperstrener, ferlit Cambuur. Hy sil no oan de slach as keeperstrener by FC Zwolle. Dêr hat er in kontrakt tekene foar ien seizoen. Van der Berg bliuwt wol keeperstrener by ONS Snits.

Van der Berg hat jierrenlang 2e keeper by Cambuur west, en dêrnei keepers- trener. Hy hat hat ek noch yn Japan wurke by Oita Trinita. Cambuur hie Van der Berg ek in kontrakt oanbean, mar dêr makket er gjin gebrûk fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)