Drokte op fleanbasis Ljouwert

03 maaie 2006 - 17:30

Der wurdt de kommende tiid mear flein fanôf de fleanbasis Ljouwert. Tolve betûfte F16-fleaners wurde op de basis yn Ljouwert oplaat ta wapenynstrukteur. Der dogge fjouwer lannen mei oan de trening: Nederlân, Noarwegen, België en Denemarken.

De basis yn Ljouwert wurdt mei de oefening oandien troch bûtenlânske fleantugen dy't oefenfijân spylje. De oplieding yn Ljouwert duorret oant oktober, der is wol in simmerstop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)