Aksje Suderseespoar yn stadion
Yn it Abe Lenstra Stadion wurdt woansdei mei spandoeken aksjefierd foar de Suderseeline. Yn it stadion spilet Hearrenfean tsjin FC Twente foar Europeesk fuotbal.
De spandoeke-aksje is in inisjatyf fan VNO-NCW. De wurkjouwersorganisaasje hopet dat supporters har oanslute sille by in grutte noardelike protestaksje op 23 maaie tsjin it beslút fan it kabinet it Suderseeplan te skrassen.