Scooterrider skept fytser

03 maaie 2006 - 15:13

In 56-jierrige man út Ljouwert is tiisdei fan syn fyts riden troch in scooterrider, dy't dêrnei trochriden is.

Op de Archipelwei yn Ljouwert kamen de fytser en de scooterrider inoar yn 'e mjitte. De scooterrider gie net oan de kant en de fytser koe gjin kant út. Hy rekke ferwûne oan de holle, de earm en de foet. De scooterrider hat al even achterom sjoen, mar is dêrnei trochriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)