DVD oer libben Mata Hari

© Omrop Fryslân
Yn it Frysk Museum yn Ljouwert is tiisdei de DVD fan de foarstelling fan musikus Herman van Veen oer Mata Hari presenteart. Yn it muzykstik fertelt de hertsfreondinne fan Mata Hari it ferhaal fan de spionne út Ljouwert.
Herman van Veen wol mei de foarstelling oantoane dat Margaretha Zelle ûnterjochte fusilleard is. Mata Hari soe nea in earlik proses hân ha en dêrom koe ek nea dúdlik wurde dat sy ûnskuldich wie.