Handikapte man út wetter helle

03 maaie 2006 - 13:57

In 67-jierrige handikapte man út Drachten is tiisdei mei syn ynvalidewein te wetter rekke. By de Sparrehoeke kaam er op 'e kop yn 'e feart telâne.

In 33-jierrige frou út Drachten kaam de man te help, se hold syn holle boppe wetter oant der genôch minsken yn de buert wiene om de man út it wetter te tillen. Hy hold der allinne in sear skouder oan oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)