Nij sân foar strân Amelân

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat sil de kommende wiken trije miljoen kuub nij sân op it strân en oan de kust fan Amelân dellizze. Tusken Nes en Buren sil der in laach sân fan ien oan't 2,5 meter oanbrocht wurde.
It nije sân moat de kust fan it eilân yn de takomst better befeiligje. De kosten wurde rûsd op njoggen miljoen euro. Tusken 19 juny en 4 septimber leit it wurk stil yn ferbân mei de skoalfekânsje.