Himpkwekerij oprôle yn 't Fean
Yn in bedriuwegebou op It Fean hat de plysje tiisdeitemoarn in himpkwekerij oprôle. De plysje moast de doar forsearje om te kommen. Op de earste ferdjipping stiene 340 planten. Dy binne allegear ferneatige.
In 27-jierrige man út Wytmarsum is oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de kwekerij. Hy hat bekend.