Auto op 'e kop yn 'e feart

03 maaie 2006 - 10:32

Op de N31 is tiisdei in 37-jierrige man út Ljouwert mei de auto oer de kop slein. Hy kaam op 'e kop yn de feart telâne.

De man ried rjochting Frjentsjer doe 't er de macht oer it stjoer ferlear. Troch passanten is er út de auto helle. Hy is mei ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)