Feanbaaswenning yn Nij Beets

03 maaie 2006 - 07:19
Foto: Omrop Fryslân

Iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets hat der in nije oanwinst by: in replika fan in feanbaaswenning. It geboutsje wurdt foar in grut part boud troch frijwilligers. It bestiet út in wenhûs, in kafee en in winkeltsje.

It gebou moat noch hielendal ynrjochte wurde en sil binnen in jier iepene wurde. De kosten binne goed 50.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)