Rydbewiis djoer yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In rydbewiis oanskaffe is yn Ljouwert djoerder as yn oare gemeenten. Dat stiet yn in ûndersyk dat de ûnôfhinklike rekkenkeamer fan Ljouwert dien hat nei de leezjes. De tariven foar paspoarten en úttreksels fan de boargelike stân binne fergelykber mei dy fan oare gemeenten. It ûndersyk is dien ûnder 57 gemeenten.
It is noch net dúdlik oft it taryf foar it rydbewiis no oanpast wurdt.