Befeiligingsbedriuw STB oernaam

02 maaie 2006 - 21:57

De fallite Stichting Toezicht en Beveiliging (STB)is oernaam. Nije eigner is it bedriuw All Above Security (AAS) fan de Harkema.

De stifting waard oprjochte as alternatyf foar stedswachten, dy't har ID-baan kwytrekken. Sij waarden sa befeiliger. Omdat opdrachtjouwers it ôfwitte lieten, koe de stifting de holle net mear boppe wetter hâlde. Acht meiwurkers fan STB kinne mei oer, mei de oaren wurdt noch praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)