Jeugdbinde Wolvegea oppakt

02 maaie 2006 - 17:35

Mei de oanhâlding fan 17 jongeren út Wolvegea hat de plysje 75 saken yn de buert oplost. It giet om fernielings, ynbraken en heling. De jongeren binne tusken de 15 en 25 jier.

It giet om ynbraken yn auto's, sportkantines en bedriuwen. De jeugdbende wie ek aktyf yn Stienwyk, De Lemmer en Nijskoat. Acht fan de 17 fertochten sitte noch hieltyd fêst. De plysje slút net út dat der noch mear jongeren oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)