Snitser troch flier fallen

© Omrop Fryslân
In Snitser is moandei yn Grins ferwûne rekke by in bedriuwsûngefal. De man wie yn in hûs oan de Gelkingestrjitte oan it wurk yn in trepsgat, op in wurkflier dy't spesjaal oanlein is.
Fan dy flier skeat in planke los. Hjirtroch foel de Snitser in ferdjipping nei ûnderen. De man is nei alle gedachten mei in brutsen bekken oerbrocht nei it sikehûs. De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei it ûngelok.