Buma-en-dy winne yn Harns

02 maaie 2006 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân

De iepening fan it keatsseizoen by de froulju yn Harns waard snein wûn troch Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema. Sy wiene yn 'e finale te sterk foar Marie Heida, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.

De tredde priis wie foar it partoer fan Hilda Tjepkema. Dat partoer wûn frij maklik fan it partoer fan Hester van der Meer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)