Hollum ûnder de hinnefearren

02 maaie 2006 - 12:42

Hollum op it Amelân hat in pear dagen nei Keninginnedei noch hieltiten lêst fan de feestlikheden. It doarp leit ûnder de hinnefearren! Dy binne sneon ôfsketten út in konfetti-kanon op ien fan de fersierde weinen yn de optocht. Trijehûndert kilo fearren fleagen troch de loft en belânen oeral yn it doarp. In leuke grap, mar de dieders moatte al de troep oprêde, fynt in groep Hollummers. Sy binne in aksje begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)