Goedkeape wenten foar jongerein

© Omrop Fryslân
Der moatte mear goedkeape wenten komme om jongeren ek de kâns te jaan in wente te keapjen. Dat wol de PvdA yn Fryslân, sei deputearre Andriesen op de 1 maaiegearkomste yn Ljouwert.
Bern komme yn de takomst sintraal te stean yn de polityk. Fierder sil de PvdA him mear rjochtsje op wat de gewoane man yn de besnijing hâldt. Gjin grutskalige projekten, mar saken as skoallen, lean en feiligens op strjitte.