Fúzje Rabobanken tichterby

02 maaie 2006 - 10:13
Foto: Omrop Fryslân

De kâns dat de Rabobanken Ljouwert en Noardwest-Fryslân fuseare, nimt ta. Moandei die op twa jiergearkomsten bliken dat de leden net tsjin in fúzje binne. Dy is nedich om de tsjinstferliening op peil te hâlden.

As de fúzje trochgiet, wurdt de nije bank mei 10.000 leden en in balânstotaal fan 1,6 miljard euro de twadde Rabobank fan Fryslân. Der krije gjin meiwurkers dien en der wurde gjin kantoaren sletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)