Gjin neisoarch mei kâld waar

02 maaie 2006 - 09:19

De neisoargers fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten moatte no even net it lân yn. Dy oprop die bestjoerslid Hessel Agema fan it BFVW moandei.

De oprop fan Agema hat alles te krijen mei it relatyf kâlde waar, wêrtroch de krekt útkommen ljippen hiel kwetsber binne. Se reitsje gau ûnderkuolle at de mem fan it nêst opfleant. Wannear't it al waarmer wurdt, moatte de neisoargers natuerlik wol sa gau mooglik it fjild yn, sa fynt Agema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)