Minnertsgea wint yn Weidum

02 maaie 2006 - 09:19

De 55ste Bangmapartij yn Weidum waard snein wûn troch favoryt Minnertsgea. Klaas Anne Terpstra en de bruorren Jacob en Chris Wassenaar fersloegen yn de finale Dronryp mei 5-2 en 6-4. Foar Dronryp keatsten Simon Minnesma, Pieter Scharringa en Jan Willem van Beem. Mar Minnesma rekke yn 'e finale blessearre oan syn ankel en moast ferfongen wurde troch Hindrik Tolsma.

De tredde priis gie nei Berltsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)