Manifestaasje foar asylsikers
Vincent Bijlo, Geert Mak, Hans Alders en boargemaster Piersma fan Wûnsera- diel binne inkele fan de sprekkers dy't 16 maaie yn Wytmarsum meidogge oan de manifestaasje 'Aftellen tot het pardon'. De manifestaasje is it begjin fan in kampanje fan in jier om útprosedearde asylsikers te stypjen.
Op it sportkompleks by de needopfang trede bands op en der is in fuotbal- wedstriid. Flechtelinge-organisaasjes organisearje it evenemint.