Mindere tsjinstregeling Flylân

01 maaie 2006 - 17:16

Op Flylân is argewaasje ûnstien oer de tsjinstregeling fan rederij Doeksen. Sûnt de nije regeling op 1 jannewaris yngien is, liket it derop dat it fer- fier nei it eilân in stik minder is.

Foaral april wie neffens wethâlder Gielisse in rampmoanne omdat doe dúdlik waard dat sneintemoarns net mear in boat nei it eilân fart. Yn plak dêrfan soe de Koegelwiek ynset wurde, mar dy waard út de feart helle fanwege ûnderhâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)