Problemen nije brêge Ofslútdyk

01 maaie 2006 - 16:46

Mei de nije brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân binne op 'e nij problemen. Snein waard de brêge yn koarte tiid foar de twadde kear ôfsletten foar it ferkear omdat de brêge net goed ticht woe.

It ferkear wurdt omlaat fia de brêge oan de oare kant. De nije brêge yn de Ofslútdyk waard yn jannewaris offisjeel iepene. Yn maart wiene der ek al problemen mei de brêge. Dy wiene doe pas nei in moanne oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)